Er zijn 1.137 locaties gevonden voor "đđŒ acc6.top đđŒ Steam transaction de compte"
Locaties
361 t/m 384 van 1137 resultaten
-
Vliegeruit
Vliegeruit
-
Hoeve Noordveld
Hoeve Noordveld
-
Tolhuisje Zwette
Tolhuisje Zwette
-
Natural Yachts
Natural Yachts
-
Bootverhuur Hospes
Bootverhuur Hospes
Direct boekbaar
-
Peal 2: KrĂșspunt supermarkt
-
Accepteer cookies om deze content te zien.
Peal 2: KrĂșspunt supermarkt
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte. Let op: Dizze rûte begjint by it grutte parkearplak yn it doarp, Koailan 2
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Ja, dĂȘr bin ik wer. As it goed is stietst no op de T-splitsing yn it doarp, mei de rĂȘch nei de supermerk. Sjoch marris rĂȘstich om dy hinne. Do stietst no foar  op in foar doarpsbegrippen âdrokâ krĂșspunt. De dyk rjochting de slĂ»s en de pier leit rjocht foar dy. De dyk nei links giet fierder de buorren yn en no wurdt it nijsgierrich. Ik sil dy Ăștdaagje.
We gean nei it jier 1870.
In tiid fan komelkers en skippers. En in tiid fan earmoede. Dit plak, yn it sintrum fan it doarp, wurdt net bepaald troch in knooppunt fan diken, lykas dat yn de 21ste ieuw it gefal is, mar troch farwetters. Ja, do hearst it goed. De dyk links fan dy, fierderop it doarp yn en de dyk foar dy rjochting iisbaan is it farwetter ât Far.De supermerk is ek yn dizze tiid al in doarpswinkel en eigendom fan de beurtskipper. Oan de oare kant sjochst in boerepleats. Letter sil dit de Kameleonbuorkerij wurde. No is it noch ien fan de grutste buorkerijen dyât hjir oan it wetter leit. En dan rjochts, oan de oare kant fan it wetter, dĂȘr sjochst in rige skippershĂșzen.
Tsja! It wĂ»nder fan de tiid. De wegen fan de 21ste ieuw binne in yllĂșsje, asât it de skippers fan 1870 fregest. En de farwetters krektlike goed, ast in moderne toerist deselde fraach stelle soest. DĂșzelt it dy al wat?
Stek mar oer, we rinne oer it wetter rjochting iisbaan. Sjoch goed Ășt, it kin hjir drok wĂȘze. Foar de fitness-tastellen sjochst in grintpaad nei links. Dit geane we del.It gebied om de iisbaan hinne is allinnich mar greide en sleatsjes oant 1990. Op dat stuit it grutste en bĂȘste stik greide fan Terherne. Der rinne saân 60 kij te weidzjen. Letter sil dit lĂąn plak romje foar wetter en wurde der 250 wenten bouwd, benammen foar rekreaasje. Ik sil dy earlik sizze, dat is foar my as Ăąld boer en hoeder fan Terherne mar dreech te befetsjen.
Ek wurdt de Ăąlde iisbaan hjirhinne ferpleats. De Terhernster skippers binne de bĂȘste reedriders, dus dat begryp ik noch wol.
Nei de iisbaan geane we links ĂŽf en rinne we saân 30 meter fierder, oanst linksĂŽf fan dy in grintpaad sjochst. ât Efterom, stiet op it buordtsje. Gean dit grintpaad op. Rin mar troch safier asât sjen kinst en dan krekt de bocht troch. Do sjochst dĂȘr straks oan de linkerhĂąn in grutte hege pastorij, mei in tĂșn mei knotwylgen. Wachtsje dĂȘr mar eefkes.
We binne noch hieltyd yn 1870. Ănlijich waar, wyn en kjeld.
We steane hjir foar de kosterswenning, dyât tsjin de achterkant fan de Fermanje bouwd is. De minsken binne earm. It is in tiid fan hurd wurkjen foar in bytsje jild. Dit jild foar de komelkers en de skippers. Ek hjir is allinnich mar greide, mei sleatsje der omhinne. Mear en mear skippers strĂ»pe der Ă»nder (geane fallyt) en de oaren moatte hieltyd fierder en langer fuort om hannel driuwe te kinnen, troch de oanhĂąldende konkurrinsje. Se komme sels yn SeelĂąn en Antwerpen telĂąnne. Ek de komelkers hawwe it dreech. Troch de komst fan de molkfabriken, komme der hieltyd mear komelkers en dĂȘrtroch binne de opbringsten leech en de lĂąnpachten heech. En tel dĂȘr noch de feepest by op. It is sels sa slim, dat in inkeling himsels ferdrinkt, neiât er betrape wurdt by it oanlingen fan syn molke mei wetter!Mar yn dit tsjerkje en yn dizze wenning baarnt it ljocht. It is de tsjerke wĂȘrât DĂ»mny Dornseiffen preket. Dornseiffen is in man sĂ»nder bern, mar yn syn hert is er in echte famyljeman. In goeddwaander. (goeddogger) Hy betsjut in soad foar de skippersfamyljes en harren bern en hat hert foar harren. (mient it goed mei harren.) Sa soarget hy foar in system wĂȘrtroch de bern nei skoalle kinne as harren Ăąlders fuort binne en se yn eigen doarp by famylje terjochte kinne. In part fan it skoaljild wurdt oan de famylje betelle, sadat se de bern, nettsjinsteande de earmoed, yn hĂ»s nimme kinne en yn de waarmte fan harren hĂșshĂąlding opfange kinne.
Ast goed sjochst, sjocht Ă»nder de tsjerke in kelder. Hjir mochten de skippers harren ierpels byât winter opslaan, sadat  dy ek froastfrij bewarre wurde koene.
Kom, we geane fierder dit dykje del. Oant it ein fan dit skelpepaad stopje we eefkes. DĂȘr fertel ik dy in oar ferhaal en silst merke yn wat foar rauwe tiid we hjir belibje dat in soad yndruk makket.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte. Let op: Dizze rûte begjint by it grutte parkearplak yn it doarp, Koailan 2
-
-
Sanzi Yacht Charter - La Wika
Sanzi Yacht Charter - La Wika
Direct boekbaar
-
De Feroaring
De Feroaring
-
B&B Piebengastate
B&B Piebengastate
-
Westerkerkje
Westerkerkje
-
Vergaderplakje
Vergaderplakje
-
11fountains Leeuwarden
11fountains Leeuwarden
-
Sint-Godeharduskerk Marrum
Sint-Godeharduskerk Marrum
-
Familiedoerak bootverhuur
Familiedoerak bootverhuur
-
Kamp Ybenheer
Kamp Ybenheer
-
Van Doesburg-Rinsemahuis
Van Doesburg-Rinsemahuis
-
Peal 1: Startpunt Kameleon
-
Accepteer cookies om deze content te zien.
Peal 1: Startpunt Kameleon
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte.
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Wolkom bĂȘste kuierder. Wolkom yn Terherne. Wat aardich datst bist! Earlik sein hieâk dy al ferwachte. Want it ferhaal gong al troch de buorren hĂš? Dat de poarten nei it ferline fan Terherne iepen binne. Dat lang net fertelde ferhalen no foarât ljocht komme. (harren iepenbierje) Want dat kloppet. En ik haw der foar soarge. Ik haw dĂȘr sa myn reden foar. De wichtichste? Â Omât ik fyn dat Ăąlde ferhalen nea ferlern gean meie.
O, nim my net kwea ĂŽf. Ik ferjit hielendal om my eefkes oan jim bekent te meitsjen. Ik bin dyn ferteller hjoed. Ik hie -en haw noch hieltyd- Â in waarme bĂąn mei dit doarp. Saân 400 jier lyn wenne ik hjirre. It wie in oare tiid en in hiele oare wrĂąld. Ik haw me altyd bekroade om de Terhernsters. Ik woe op se passe, âOant yn de Ivichheidâ, kin je wol sizze.
Waât ik krekt bin en wat dit allegear betsjut, sil tidens dizze kuiertocht dĂșdlik wurde. Ik warskĂŽgje dy wol alfĂȘst in bytsje. Â Want de kĂąns is grut dat dyn byld fan dit gewoane fryske doarpke, nei hjoed ienris en foargoed, Â noait mear itselde is.
Want ja, it leaflike Terherne is in plak fan kontrasten. Mei de tiid as grutste yllĂșzje. Neat is wat it liket.
Bist safier? Dan geane we.Rin mar nei de wĂąl. We steane hjir op it parkearplak by it opstapplak en foar Ășs leit de Alde SĂąnsleat. Sjoch marris om dy hinne.
De Ăąlde SĂąnsleat dyât hjir foar dy leit is in drok farwetter nei Akkrum en it Hearrenfean. It gebouke fan de Kameleon hjir efter dy, is in brĂȘgehĂ»s en it terrein in plak wĂȘrât skippen lade en losse. It is in drokte fan belang. Preammen, tsjalken, skouwen, hannel yn fan alles en noch wat. Mar ek de lĂȘste nijtsjes Ășt de omjouwing hearst hjirre, fan de brĂȘgewachter en oaren.  Faaks hast sels noch in boadskipâŠ. Jou it mar troch oan him. De skippers binne dyn boadskippers en fertellers.
Sjochris nei links en rin ris in stikje byât haad del. Oantst foar de yngong fan it lytse haventsje stietst dat oan de oare kant leit. Dat is de earste doarpsjachthaven fan Terherne. Doe in feartsje dat tagong joech foar preammen nei de lytse âkomelkersâ, lytse boeren dyât mar in pear kij molken. De earste haven siz ik mei klam, want tsjaâŠ. DĂȘr is mei de lineaire tiid wol it ien en oar feroare. Terherne telt yn 2024 saân 11 havens en dy wurde hast allegearre brĂ»kt foar de plezierfeart.
DĂȘr geane we it is 1976.
RĂ»n dizze tiid is men dwaande om de Nije SĂąnsleat te graven en sil it farferkear hjir yngripend feroarje. Sjochst dat twadde hĂșske rjochts fan de havenyngong? Dy mei dy Ăąlde fryske gieltsje? Yn dat hĂșske wennet skĂ»tsjeskipper Tjitte Jans Brouwer. In begrip yn de skĂ»tsjewrĂąld en op dit stuit 85 jier Ăąld. Op it parkearterrein hjir achter dy stiet in grutte direksjekeet dyât brĂ»kt wurdt troch de oannimmer fan de Nije SĂąnsleat. It wurk oan dizze brĂȘge is krekt klear en de keet stiet leech. It is tongersdei 12 febrewaris, in oere as 5 moarns betiid as ik, en alle Terhernsters opskrilje fan in gi-gan-tyske knal. De keet eksplodearret en stikken dak fleane oer de SĂąnsleat, oer de huzen hinne en komme dĂȘr yn de tunen del. By in grut tal huzen yn it heale doarp barste de finsters derĂșt en ek by de horekabedriuwen oan wearskanten fan de brĂȘge sit der gjin glĂȘs mear yn de kesinen.
It hĂșske fan skipper Brouwer hat de grutste klap opfongen en der leit gjin dakpanne mear op it dak. De kesinen binne fyn en der leit gjin board mear heel yn de kast. In kranteman befreget de skipper en eefkes letter stiet yn de krante dat hy  âwol saân 20 sentimeter optild wieâ.  Want Tjitte fertelde, yn it frysk mei in twinkeling ynâe eagen: Och man, ik wipte saân ein omheech yn de bedstee, der hie wol in jongfrommes tusken pastâ.Â
Noât de rĂȘst werom is en it pĂșn opromme, geane we no echt op paad. Se rĂȘde it wol sĂ»nder Ășs. Se bouwe it wol wer op.
Kom, we binne werom yn it no en rinne hjir linksĂŽf de brĂȘge oer it Ăąlde doarp yn. Ik siz wol: âIt Ăąlde doarp, mar eins is dat ek in yllĂșsje. Do kinst dit plak faaks as it sintrum fan it doarp, mar de echte oarsprong fan Terherne leit hjir net, mar op de oare kant fan it doarp. DĂȘr komme we daliks. No rinne we earst nei de supermerk, wat fierderop oan de linkerhĂąn, wachtsje dĂȘr mar eefkes op my.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte.
-
-
Pollepleats
Pollepleats
-
Hotel-restaurant Poort van Franeker
Hotel-restaurant Poort van Franeker
-
Sint-Johanneskerk Hilaard
Sint-Johanneskerk Hilaard
-
Eureca
Eureca
-
Het Ambacht - Lunchroom & Delicatessen
Het Ambacht - Lunchroom & Delicatessen
-
Pakhûs SOLO
Pakhûs SOLO
-
Zeehuisje Wachter
Zeehuisje Wachter