Stadsverhaal Dokkum
Op het plein bij de IJsfontein in Dokkum, pal naast de donkerbruine Grote- of Sint Martinuskerk en omringd door oude en nieuwe huizen op een rij, is het druk. Het zonnige weer trekt veel mensen naar buiten. Wandelaars, fietsers, bezoekers van de kerk. Een klein groepje Vlaamssprekende toeristen bespreekt het informatiebordje van de fontein dat tussen de kerk en de fontein in staat. Het bordje vertelt over de fontein midden op dit plein van lichte langwerpige tegels die lange lijnen vormen en hier en daar onderbroken worden door een jonge boom, gras en massief betonnen bankjes met een houten zitting.
Op een van die bankjes zitten Brenda (20) en Lieke (19), beiden met een flesje water in de hand. Ze kijken uit op de fontein die op dit moment niet wit van ijzel is, maar zijn eigen koperbruine kleur heeft. Zo is dat met deze unieke ijsfontein, hij ziet er geen dag hetzelfde uit.
“ Nee jong, dat iene kinsto net sizze hear! ”
Vriendinnen Brenda en Lieke
Bij de fontein
De vriendinnen zitten hier nu wat zonnestralen te vangen op hun vrije middag. Zo doen ze dat vaker, vertelt Brenda. Lieke: “Ik bin no op ’e fyts kaam, mar we rinne hjir ek wolris in stik oer it Bolwurk en even troch de stêd en dan is it hjir in moai plakje om even te sitten en wat te sjen. Bytsje te kletsen. Wy kenne mekoar al jierren en dit is leuk om te dwaan. Wy binne al sûnt de middelbere skoalle freondinnen.” Brenda: “Ja, wol in jier as acht hè, tsjong. We sieten byinoar yn ’e klas. No net mear, Lieke sil noch in stúdzje dwaan, ik sil oan it wurk yn ’e soarch.”

Weten jullie nog hoe het hier was voordat de fontein er kwam?
Brenda: “Jawol! Ik wie in jier as 14 tink ik, doe’t de fontein hjir kaam. Ik wit noch wol dat er hjir krekt stie, doe ha ik hjir even west om te sjen mei myn âlders. Even sjen hoe’t it wurden is hè. Sjoch, dêrfoar wie it hjir allinnich mar in parkearterrein. Hiel saai, griis en grau. Gewoan in plak foar auto’s, hiest hjir neat te sykjen. Der wie ek gjin grien of sa. Sa no en dan wie der wolris in evenemint, ik kin my wol herinnerje dat der in oldtimershow wie. Mar fierder barde hjir net safolle.” Lieke: “Wie der ek net wat yn it nijs doe’t se hjir starten mei de bou fan dit alles? Wat mei bonken dy’t se fûnen? No ja, ik wit it net mear presys hear, mar der wie wol wat mei.”
Het park brengt kleur en leven
Er wordt even nagedacht terwijl de meiden schattend om zich heen kijken. “It is hjir wol echt folle moaier wurden. Mei de beammen om de tsjerke hinne en de tegels en bankjes hjir sa. En de fontein is ek wol leuk. Hy hat ek wolris wyt west, dat wie superleuk om te sjen. Mar dat bart net sa hiel faak mear”, vertelt Brenda. Lieke: “Ja, dat wie yn it begjin wol sa. Hiel soms sit der no noch wol iis op, mar de lêste tiid hat er faker dizze kleur. Gewoan brún. Miskien hat dat wat mei de simmer te meitsjen? Ik fyn it wol moaier as de fontein ûnder in laachje iis sit, dat mei wol wat faker.”
En hebben jullie een idee wat het verhaal achter de fontein is?
De meiden kijken naar het bruine gevaarte. Een bruine, grillige, maar natuurlijke vorm. Een manshoog plateau van bruin koper, met grote lagen die wat weghebben van de buitenkant van een vervormde dennenappel. “Ik haw eins gjin idee. Nee, ek noch noait op it buordsje sjoen. Do wol, Liek?” De meid met de lange blonde haren haalt haar schouders op. “Nee, ik ha ek echt gjin flau idee. Ik ha wolris wat op tillefyzje sjoen, dat se by alle fonteinen del gongen. Alle stêden hawwe in fontein, toch? Mar wat dit betsjut wit ik net. It stiet der gewoan, it heart der gewoan by. Ik bin eins blider mei hoe’t it plein wurden is as mei de fontein sels. Dêr haw ik net safolle mei.” Brenda: “Witte âldere minsken dat soarte dingen wol dan?”
Een bijzonder monument
Terwijl de fotograaf wat foto’s maakt, beginnen de meiden te fluisteren en hardop te lachen en elkaar aan te stoten. Er is nog iets dat ze te vertellen hebben over deze fontein, maar de twijfel is groot. “Nee, dat kinst net sizze hear!”, lacht Lieke. Brenda: “Jawol toch? Ja, it is toch sa?” Dan komt giechelend en schoorvoetend het hoge woord eruit. “Sjoch, foar toeristen is it in moai ding en foar ús ek hear. Mar it stiet ûnder de jongere minsken yn Dokkum benammen bekend as pispealtsje. Nachts nei it stappen klimme de jonges derop en dan pisje se deroerhinne. Dus wy reitsje dat ding leaver net oan, haha!” De meiden lachen uitbundig en stoten elkaar aan. Lieke: “Ik doarde it net te sizzen, mar do seist it gewoan hè! Haha, no ja, sa is it wol.”
