Stadsverhaal Franeker
Doordeweekse ochtenden zijn gemoedelijk in Franeker. De terrasjes zijn nog leeg terwijl omwonenden hun hondjes uitlaten met een stevige wandeling. Op de tuin rondom de kerk in het hart van de stad ligt nog een klein laagje dauw. Misschien van de koude nazomernacht, of juist van de mistfontein die even aan heeft gestaan. Die fontein staat op een klein pleintje naast de kerk, dat zo de tuin vol zonnehoedjes, grassen en schermbloemen mooi onderbreekt.
Het mag dan vroeg zijn, maar de Franeker Lijnie Greidanus (87) en Tjarda Hilverink (47) zijn al uit de veren en op stap. Lijnie: “Ik rin even nei de winkel foar boadskippen en dan kom ik hjir altyd del.” Lijnie is niet de enige die hier ‘even delkomt’. Volgens Tjarda van Bed&Breakfast Turfkade 9 is de fontein dé plek om even te stoppen. “We hawwe hjir in hiel soad Alvestêdetochtfytsers. Dy meitsje in rûntsje, dan komme se fan Hylpen of Warkum hjirhinne. En dan oernachtsje se hjir, ek wol by my yn de bed&breakfast. Se komme net foar de fontein sels, mar se besykje de fontein altyd wol efkes.”
“ De ‘hang-ouderen’ fan Frjentsjer hawwe hjir in prachtich plak. ”
Franekers Tjarda en Lijnie
Wat vinden de mensen er doorgaans van?
“Ja, ik tink dat se dit oer it algemien hiel moai fine. Ja, jawol”, knikt Lijnie meteen. Tjarda: “Ik tink ek wol dat dit ien fan de moaiere fonteinen is. Dat minsken it echt wol in moai ding fine.” Lijnie: “Ja, ik wol net sjauvinistysk wêze hear, mar it is wol sa.” De dames lachen er samen om. “Mar ik fyn Drylts ek hiel moai”, vervolgt Tjarda. “En Ljouwert, mei die grutte hollen. En Dokkum ek, mei dat gekke iisding. Ek sa prachtich.” Ja, daar is Lijnie het roerend mee eens. Ja, ja, ja, knikt ze steeds. Tjarda: “En de bern boartsje hjir hiel moai. Dy fan my meie der net yn hear, want der stean ek wol ris hûntsjes yn, mar ik sjoch faak genôch de bern der even mei de fuotsjes yn spetterjen.”
Weten jullie wat het verhaal van de fontein is?
“Ja,” zegt Tjarda. “It ferhaal derachter mei ik wol graach fertelle oan minsken dy’t hjir op besite komme. It is dus de Oortwolkfontein en de namme komt fan Jan Hendrik Oort, dat wie in astronoom dy’t hjir wenne hat. Sjoch, de minsken witte allegear wol fan it ferhaal fan Eise Eisinga, mei syn planetarium hjir yn Frjentsjer, mar minsken kenne Jan Hendrik Oort hast net.”
Jan Hendrik Oort was, zoals Tjarda vertelt, inderdaad een astronoom die in 1900 in Franeker geboren werd. Hij was een belangrijk persoon in de wereld van de astronomie. Zo vond de Franeker man hét bewijs voor de theorie dat de Melkweg roteert, en hij is ook de ontdekker van de bron van de kometenwolk aan onze hemel die nu de Oortwolk heet. Dat is een denkbeeldige wolk van miljarden ijzige objecten die ons zonnestelsel omringen, op enorme afstanden van de zon. Het idee van de Oortwolk is door hem bedacht om te verklaren waarom er nog steeds nieuwe kometen in het zonnestelsel verschijnen.
Is dat terug te zien in het ontwerp?
Tjarda: “No, ast dat witst, fan de astronoom, dan kinst it wol yn it ûntwerp weromsjen, mei dy planeten en de wolk en sa. Mar dan moatst it ferhaal wol witte. Sjoch, en no is der even gjin wolk, de mist stiet út.” Dan draait Tjarda zich om en loopt naar een zwarte pilaar op de hoek van het pleintje. Daar drukt ze op een knop en meteen begint de fontein weer een mistwolk te produceren. Lijnie is hoorbaar verbaasd. “Hè? Dochsto dat mei in knop? Dat wist ik hielendal net, dat dat koe! Nee, ik tocht, sa no en dan docht er it en sa no en dan wer net. Mar sa wurket it dus.” Tjarda knikt richting het terras van het café naast de kerk. “Ja, dêr hiene se best wol wat oerlêst fan de mist, as de wyn sa stie dat it oer it terras gong. Dat is kâld en wurdst der hielendal wiet fan. Sjoch mar, hjir op ’e grûn en dat bankje. Dit is allegear wiet troch de mist. Mar se hawwe echt goed lústere nei de minsken, en fuort in oplossing betocht.” Lijnie: “Ja, der wie hjir in hiele diafoarstelling op it plein, om te fertellen hoe’t se it betocht hawwe en wêr’t se oan tocht hawwe dêrby. Dêr wie de keunstneres ek by neffens my.”
Heeft de fontein veel invloed op deze plek in Franeker?
“No ja, de tún hiene we hjir net, tocht ik”, begint Lijnie. “Nee, dit wie gewoan strjitte en wat gers, witsto dat noch Tjarda? Ik bin der al sa oan wend hoe’t it no is, dat ik it hast net mear wit. Mar no is it moai. It rint alwer nei de hjerst, mar yn ’e simmer is it hjir prachtich.” Ze vertelt het terwijl een vrouw met rollator passeert op het pad. “Tink om ’e poep hear!”, waarschuwt Tjarda. “Ja, dat is wol in ding hjir. Der leit wol echt faak poep. Dat fyn ik sa raar, dat de baaskes de hûn hjir útlitte en it net opromje. Wylst it hjir sa moai is.”
Dan over de fontein: “Ja, it is hjir fuort akseptearre hè. Bygelyks dy yn Warkum, dêr wie wol wat spul oer, dat minsken it net moai fûnen of it oars woene. Mar hjir wie it fuortendaliks okee.” Lijnie knikt naar de historische kerk waar de fontein vlak naast staat en vult aan: “Se hiene wol wat twivels oer de mist op de muorren fan ’e tsjerke. Se tochten dat it miskien de muorren beskeadigje koe. Mar dêr liket fierder gjin sprake fan no.”
hang-ouderen
“En hjir, by de fontein, is it ek wol in stikje samenkomen”, zegt Tjarda terwijl ze naar de bankjes rondom de fontein wijst. Dan, grinnikend: “We hawwe hjir dus in hiel soad ‘hang-ouderen’.” Lijnie begint meteen te lachen. “Hahaha, ja dat is echt sa! Dy sitte hjir altyd op it bankje. Se hawwe hjir har plakje wol fûn. Earst sieten se altyd dêr”, en ze wijst naar een betonnen blok op het midden van het grote plein tegenover de kerk. “Mar no dus hjir. Ja, hangouderen, altyd itselde groepke wol, tink ik. Sa goed besjoch ik se net hear, mar it binne âlde manlju. Ja, ik bin ek âld, dêr giet it net om”, zegt ze gekscherend. “Mar dy âlde manlju, ja dy hawwe hjir echt in moai plakje no.”
Kader
De Oortwolk-fontein van de Franse Jean-Michel Othoniel is een fontein die zowel de typische kletterende stralen als een bijzonder mistelement heeft. Othoniel liet zich inspireren door de beroemde astronoom Jan Hendrik Oort en zijn ‘Oortwolk’. De fontein is ontworpen als een stapel parels met daarbovenop een zwarte schaal waaruit het water naar beneden het bassin inloopt. De parels zijn zwart, op twee na: de zilverkleurige parel onderop staat voor de maan en de goudkleurige parel op de top van de fontein stelt de zon voor. Het gouden netwerk van draden om de bol heen, waarbinnen een mistwolk wordt geproduceerd, verbeeldt de Oortwolk.