Ga naar inhoud
Favorieten 0

Elmar Kuiper lêst foar út Frysktalich nij wurk

Dit evenement heeft al plaatsgevonden

Jorwert (Jowerd), Jorwerd

Elmar Kuiper lêst op 31 maart yn de tsjerke fan Jorwert foar út nij Frysktalich eigen wurk. Dêrneist wurde der trije koarte Frysktalige Poëzyfilms fertoand, mei Nederlânsktalige ûndertiteling.  Minskewolf is it twadde diel yn de rige byldfertellingen...

Elmar Kuiper lêst op 31 maart yn de tsjerke fan Jorwert foar út nij Frysktalich eigen wurk. Dêrneist wurde der trije koarte Frysktalige Poëzyfilms fertoand, mei Nederlânsktalige ûndertiteling.

 Minskewolf is it twadde diel yn de rige byldfertellingen Rûzje Wyn (Fluister Wind), dy't regisseur Ester Eva Damen makke tegearre mei Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper, hieltyd om in Frysk gedicht hinne.

In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kearde werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy't se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.

Minskewolf is makke yn gearwurking mei skriuwer, keunstner en muzikant Elmar Kuiper. Hy wurke jierrenlang yn in psychiatryske ynstelling. Gedichten fan Elmar oer syn perioade dêr brochten harren tegearre mei twatalich akteur Rienk Nicolai ta de foarstelling en film Minskewolf.

Yn it foarút kin der gebrûk makke wurde fan in Peaskebrunch yn Het Wapen van Baarderadeel.

Tijdstip
15:00

Entree
Frijwillige bydrage

Informatie of reservering

Peaskebrunch foarôf: 

Het Wapen van Baarderadeel, 12.30, €16,50

Opjefte: info@wapenvanbaarderadeel.nl

Wanneer:
t/m 31 maart
Afstand tot jouw locatie:

Hier vind je Elmar Kuiper lêst foar út Frysktalich nij wurk
Jorwert (Jowerd)

dorp
Jorwerd
Plan je route

vanaf jouw locatie

Toon resultaten